Midfrysk Goud
Eric Hoekstra
€18,50
Details
In fermaaklike, ferrassende en oansprekkende bondeling fan Midfrysk wurk
It bêste út ’e 17e iuw yn goed lêsber Frysk
Yn dizze blomlêzing behannelet Eric Hoekstra ûnder oaren ûndogenske lietsjes fan Giacomo Vredeman, it petear tusken mem en dochter oer de leafde yn Johan fan Hichtum syn Ansk en Houk, Deiboek en reis fan Jan van Vliet, De Sprekwurden fan Jurjen fan Burmania, de lyryske Gysbert Japicx en Gysbert Japicx as kristen en as kluchtige moralist. Alle stikke binne foarsjoen fan in ynlieding en sa nedich útlis. In fermaaklike, ferrassende en oansprekkende bondeling.
‘Mei dizze blomlêzing besykje ik ús perspektyf op Fryske literatuer yn de 17e iuw by te stjoeren. It byld sa’t it no is, wurdt iensidich beskaat troch de reuzefiguer fan Gysbert Japicx. Syn wurk wurdt ferhearlike, net kritysk hifke, en it wurk fan in Van Hichtum wurdt sûnder fierdere analyze as ynferieur beskôge. ‘
Frysk, paperback, 170 siden
 Jip en Janneke yn it Frysk
 Jip en Janneke yn it Frysk Sipke op het kaatsveld - Sipke op it keatsfjild
 Sipke op het kaatsveld - Sipke op it keatsfjild It Himelbouwerke
 It Himelbouwerke Fûgelhin, dat mei dochs net!
 Fûgelhin, dat mei dochs net! Knyn yn de put
 Knyn yn de put Killers - De topschutters van het Friese amateurvoetbal
 Killers - De topschutters van het Friese amateurvoetbal Lokvogels uit Noord-Nederland
 Lokvogels uit Noord-Nederland Pep en pake Pluis in ’t Bildts
 Pep en pake Pluis in ’t Bildts Sipke sjocht sterkes (ferskynt  21 novimber)
 Sipke sjocht sterkes (ferskynt  21 novimber)
 
                     
                     
                    