Categorieën

Geen producten in je winkelmand.

Losse hannen

Saakje Huisman-Venema

16,50

Details



Tessa is fjirtjin jier. Op skoalle en ek thús heart se der net echt by. Har âldere broer is jaloersk op syn kreas suske en mem hâldt him de hân boppe de holle. Tessa komt graach oer de flier by Sjerda, dy’t troch in hormoansykte bedutsen is mei in tin laachje hier. Sjerda is widdofrou en wennet in ein bûtenút. Se fielt har sterk en ûnôfhinklik en hat mei net folle lju gedoente. Jeroen, tritich jier, in troude filosofystudint, docht boadskippen foar har. Hy is ferlyfd op Tessa en kin syn hannen net thúshâlde. As Tessa him ien kear gewurde lit komt se yn ’e problemen, mar se wit har steande te hâlden mei help fan Sjerda.

Losse hannen wie yn 2000 Saakje Huisman har romandebút.

It ferhaal hat my fan it begjin oan ’e ein yn ’e besnijing hân en ik bin der fan oertsjûge dat soks foar de measte lêzers jilde sil.
Henk van der Veer yn it Sneeker Nieuwsblad

Huisman toant har op har bêst yn ’e dialogen, dy binne libben en bytiden feninich.
Sjoerd Bottema yn Trotwaer

Author : Saakje Huisman-Venema ISBN : 9789089546708 Pages : 239 Language : Frysk Publisher : Elikser Format : paperback Categorie: , , , .

Gerelateerde producten

DJ elle
In winkelmand
14,95
Sterke skouders
In winkelmand
14,50