Categorieën

Geen producten in je winkelmand.

Littenser merke

Ale S. van Zandbergen

22,50

Details



Yn de Fryske greidhoeke longeret Eeuwkje, in jonge dûmnysfrou, nei in bern. Wêrom is har man, dûmny Laurman, net by steat om har djipste winsk te ferfoljen? Hy hat de hannen mear as fol oan strideraasjes op tsjerklik mêd, mar dat kin dochs net de ienichste reden wêze? Alles stiet yn bloei, ek Eeuwkje, mar it duorret ferskuorrend lang foar de ferlossing komt.

Mear as in ieu letter libbet it slachtersoantsje Liuwe Bosgra yn itselde doarp, mar wol yn in hiele oare tiid. Superyntelligint en ek wat autistysk stiet er yn de wrâld.

Ale S. van Zandbergen hat in ferskuorrend moaie roman skreaun oer twa haadpersoanen dy’t hiel fier fan inoar of lykje te stean. Dit boek kinne jo as lezer allinne mar wurdearje as jo oan “slow reading” dogge. Dan komme jo yn in wrâld te lane dy’t jo net gau wer loslitte sil: fool skjientme en heimsinnige spegelingen. Betsjoenend suver. En dan te betinken dat dit een debútroman is…

 

 

 

Littenser merke, bekroand mei de Rink van der Velde Priis en de Douwe Tamminga Priis.

Gerelateerde producten

Sis my wa't ik bin
In winkelmand
Nieuw
7,90
Bûsboekje 2021
In winkelmand
Nieuw
7,50
Dingeman krijt wjukken
In winkelmand
Nieuw
15,00
Jesse
In winkelmand
Nieuw
14,99