Categorieën

Geen producten in de winkelwagen.

It sjaaltsje en njoggen oare ferhalen

Hylkje Goïnga

7,50

Details

Hylkje Goinga is as skriuwster foaral bekend wurden troch har koarte, humoristyske ferhalen. Tusken 1971 en 1993 publisearre se seis bondels. In grut part fan de ferhalen skreau se foar it moanneblêd De Strikel en de Leeuwarder Courant. Blêden as Opzij en Margriet namen ek wurk fan har op.

Yn It sjaaltsje en njoggen oare ferhalen fynt de lêzer tsien teksten dy’t karakteristyk binne foar de skriuwster: koart om ‘e hoeke, humoristysk en net sûnder tragyk.

Yn de wrâld fan de koarte ferhalen is Hylkje Goïnga in opfallende ienling. Se wurdt wolris fergelike mei de Ingelske skriuwer Roald Dahl. Krekt as Dahl hat se der in hantsje fan om it ûnwierskynlike as deagewoan foar te stellen. De ferhalding tusken man en frou is it weromkommende tema. De lêzer wurdt geregeld op ‘e ferkearde skonk set omdat de ferhalen oan de ein faak in ûnferwachte, soms absurde draai meitsje. De flot fertelde brike setten fan de nofteren en soms naïve húsfrou Martha ha yn 2019 noch neat oan aktualiteit ferlern.

Gearstald en foarwurd: Douwe Kootstra

Lusterje ek nei de podcast fan Omrop Fryslân:

https://www.omropfryslan.nl/utstjoering/boekekast-13-twa-ferhalen-fan-hylkje-goinga


Pieter: “It is in moai boekje fanwege dy ferhalen, se lêze maklik. En dêrmei lit ik daliks ien fan de keunsten sjen dy’t Hylkje yn har skriuwen hie. Maklik lêsber skriuwe kinne is in keunst. It giet yn alle tsien ferhalen om situaasjes dy’t elk him yntinke kin. Dy’t jo en my oerkomme kinne. Dat gegeven, neist de maklike lêsberens, makket de keunst noch wat grutter.” Lês hjir Pieter syn hiele boekresinsje op heitenmem.nl.

Aukje-Tjitske: “Wat ik hiel knap fyn oan ’e ferhalen is dat se hiel natuerlik oerkomme. Sa komme der gewoane hûs-tún-en-keukendetails yn foar, lykas in lading sân ûnder in matte of it waskjen fan fitraazjes, en prate de personaazjes hiel natuerlik, ek oer de lytste dingen, lykas bygelyks de fraach wêr’t it húske is.” Lês Aukje-Tjitske har hiele boekresinsje hjir op heitenmem.nl.

Author : Hylkje Goïnga ISBN : 9789493159204 New label : 1 Pages : 88 Language : Frysk Publisher : Afûk Categorie: , , , .