Categorieën

Geen producten in de winkelwagen.

It Heksershol - Audioboek

J. H. Halbertsma

13,50

Details

Lústerboek

It Heksershol is publisearre yn de Rimen en Teltsjes, dat twa jier nei it ferstjerren fan J.H. Halbertsma yn 1871 ferskynde.
Neitiid is it yn 1963 troch Theun de Vries oersetten yn it Nederlânsk en as los boekje yn de Wereld Bibliotheek-searje ferskynd.
Omdat it yn it Frysk nea as apart boekwurk op de merk kommen is, jout dit harkboek in moaie gelegenheid om yn de kunde te kommen mei de fertelkeunst fan de Halbertsma’s.

Koartwei is It Heksershol it ferhaal fan Goasse Knop, dy’t syn siel oan de duvel ferkocht, fan syn nuveraardige aventoeren dêr’t er yn belâne op syn libbensreis troch it hiele Âlde Fryslân, fan de skelmstikken dy’t er begie en hoe’t er raar oan syn ein kaam.

Foarlêzen troch Wouter van der Wal

3 cd’s

Author : J. H. Halbertsma ISBN : 9789460380327 Language : Frysk Publisher : Audiofrysk Categorie: , , .