Ik bedoel mar! - audioboek op cd
Froon Akker
€18,00
Details
Sechstjin ferhalen dy’t mei ynmoed beheard wurde troch in pensjonearre kondukteur, dat is de ferhalebondel Ik bedoel mar! yn in nutedop.
It binne ferhalen dêr’t minsken yn konfrontearre wurde mei de ferrassingen dy’t it bestean yn ‘t fet hat. Faak lykje it mar lytse foarfallen, lykas in busreiske troch de Pyreneeën oer wegen dy’t like smel binne as dat de bus breed is. Of nim de jongkeardel dy’t, ûnderweis nei syn wurk yn in muzykkafee, in filmke makket fan twa sjoppende froulju en der úteinlik achterkomt dat neat is wat it liket. Dat lêste giet absolút ek op foar in bekende skriuwer dy’t ûnderweis nei in lêzing yn Bûtenpost kidnapt wurdt.
De ferhalen litte sjen hoe’t it bestean bytiden fan tafallichheden oanelkoar hinget, wêrby’t it oan de personaazjes yn dit boek is om in oplossing te finen. De toan yn de ferhalen is licht holden, humor en earnst geane hân yn hân, krekt sa’t it yn it ‘echte’ libben ek gean kin.
Foarlêzen troch Geartsje de Vries.
Asega, is het dingtijd?
Beppe, fertel!
Mem, fertel!
Bookzine - Sis ris tsiis! (25-stuks)
Kai-Mook it skattige oaljefantsje
Mouwe-embleem Fryske flagge
Betterskip, Stip!
It deistich bestean by âlds - Obe Postma
Lytse Ezel - Jarich syn jierdei
Kaart: Moaie dei!
Kaart: Pyt soe te fytsen (Sinteklaas)
Kaart: Oeral thús, mar thús it bêste. (Friese spreuktegel)
In aap klimt út 'e beam - audioboek op cd