Ien wurd
€24,99
Details
Ien wurd is in kreatyf en tagonklik taalspul dat bern op in boartlike wize Frysk leare lit en it Frysk praten stimulearret. De spilers wurde útdage om wurden te beskriuwen, te rieden en te ferbinen mei mar ien wurd. Dat freget om kreativiteit, taalgefoel en gearwurking.
It spul fergruttet de Fryske wurdskat, stimulearret aktyf taalgebrûk en makket Frysk praten fanselssprekkend, sawol yn de klasse as thús.
Der binne trije ferskillende nivo’s, sadat it spul meigroeit mei de spilers. Elk nivo hat syn eigen kleur en swierrichheidsgraad. De nivo’s kinne los spile wurde, mar ek kombinearre foar mear fariaasje en útdaging.
Ien wurd is geskikt foar:
it primêr ûnderwiis
Frysk taalûnderwiis
taalstipe en remedial teaching
thús, mei it gesin
- it fergrutsjen fan taalbewustwêzen en wurdskat
It spul slút oan by Taalplan Frysk 2030 en is ûntwikkele mei omtinken foar pedagogyk en taalûntwikkeling.
Lear Frysk troch te spyljen
Mei Ien wurd learst Frysk op in positive en natuerlike wize. It spul noadiget út om Frysk te praten, te lústerjen en te tinken, sûnder dat it as “les” fielt.
Dit leeft in me - JanMurk de Vries, brieven 1950-1961
Fynpeid Chiasied - gedichten



