Ien foar de wraak - Audioboek
Joop Boomsma
€13,50
Details
Lústerboek
Ien foar de wraak, de debútroman fan Joop Boomsma, is de earste psychologyske misdiedroman yn de moderne Fryske literatuer. In misdiedroman dy’t Piter Terpstra doedestiids op slach werkende as ‘de bêste’ yn syn soarte.
Yn it begjin fan de maitiidsfakânsje wurdt yn in Ljouwerter MAVO it lyk fûn fan learaar Arnold Hagen. As it plysjeûndersyk nei in skoftsje liket te mislearjen giet freon en kollega Jaap Dykstra sels op ûndersyk út. Hy pakt de tried op dy’t de offisjele ynstânsjes neffens him slûpe litten hawwe. Mar hy krijt al gau yn ‘e rekken dat sok speurderswurk net alhiel sûnder gefaar is – der falle slachtoffers.
Joop Boomsma is nei 1988 mei in soad súkses fierder gien op it misdiedpaad. Sa publisearre er Kwea jild (roman, 1989), Picasso, lêste wurk (ferhalen, 1992), In frou mei ljochtblauwe eagen (boekewikegeskink, 1994) en Yn reek ferflein (roman, 1998). Hy trune ek kollegaskriuwers oan om misdiedferhalen te skriuwen, dy’t bondele binne yn Fryske Misdiedferhalen (1991) en Knyflok en Reidmannen (1994). Boomsma syn boeken spylje yn de wrâld fan de ‘moderne’ misdied. Dúdlik is te fernimmen dat hy him goed dokumintearret oer alle aspekten fan it plysje- en rezjersjewurk.
Foarlêzen troch Sjoerd van Beem
3 cd’s
Wyn fan de winners
Elke dag Dierendag
Timen op ’e tegels
Ien foar de wraak - Audioboek
De SUC-saak en de bonken fan Brongergea
Lês mar sels! - 20 bjusterbaarlike ferhalen
Ho Wu en Misty Mac
Kaart: Lokwinske mei jimme registrearre partnerskip
De ziel van het Theehuis sinds 1927
Brillenkoker Raad eens hoeveel ik van je hou
It portret - Audioboek