Categorieën
Nieuw

Flarde (ferskynt 14 maart)

Bart Kingma

22,50

Details

Wylst syn bedriuw yn swier waar sit en de relaasje mei syn frou en soan ûnder heechspanning stiet, ferlit Aede Ferwerda hûs en hiem. Hy stiet op it punt om de alderfruchtberste grûn gear te stallen en dêrmei it bedriuw in gouden takomst te besoargjen. Om dat proses te fersnellen giet er nei Baskelân ta.

Boppedat kin er dêr Sarat wer treffe, de wrâldferneamde sjongeres fan wa’t Aede noch altyd de manager is. De karriêre fan Sarat sit op in dea spoar, mar mei in ambisjeus plan tinkt Aede har in glorieuze rentree meitsje litte te kinnen.

Sa kin hy oan syn frou en soan sjen litte dat er ta grutte dieden yn steat is. Lykwols, mei’t Sarat syn beweechredenen yn ’e kiif stelt, rekket Aede fertize yn syn bedoelingen. Hy sil ta ynsjoch en ynkear komme moatte. Mar dat kin net sûnder dramatyske konsekwinsjes.

“In oar kinst te fiter hawwe, de wrâld kinst de gek oanstekke. Mar sis my: wêrom hast dysels sa by de poat?!”

‘Flarde’ is in ferhaal oer ferlet, ferlangen en ferbylding.

Author: Bart Kingma Isbn: 978-94-93318-77-9 Pages: 192 Publisher: Afûk Categorie , , .

Gerelateerde producten