Fiere wake – Ierske gedichten en reisferhalen fan Syds Wiersma
Syds Wiersma
€20,00
Details
Fiere wake is de delslach fan trije lange reizen troch Ierlân. It wie in âlde dream Syds Wiersma om it lân fan de barden, dichters, rebellen en sjongers kennen te learen.Doe’t er teology studearre, rekke er yn de besnijing fan de Ierske mystyk; foar-kristlik en ier-kristlik. Wat soe er dêrfan weromfine? En dan wiene der de dichters: W.B. Yeats, Patrick Kavanagh, Seamus Heany. Koe er djipper yn harren poëzy krûpe as er harren lân bereizge?
Kuierjend, liftsjend en reizgjend mei bus en trein skriuwt Syds Wiersma oer moetings mei minsken, plakken, lânskippen en tiden. Hy hat besocht om it foar him oerweldigjende eilân yn fersen en ferhalen te fangen. Hy skriuwt ek oer de roerige skiednis fan it lân.
Yn de tiid dat er syn reizen makke ferlear er in pear tige dierberen. Ek dêroer lit er him út. Sa waarden syn reizen troch Ierlân in mei-inoar opreizgjen fan libbenen en deaden.