Fan ‘t iene yn ‘t oare
Jan Tabak
€12,50
Uitverkocht
Details
Fan ‘t iene yn ‘t oare
Jan Tabak skriuwt doarpshalen. Ferhalen oer foarhinne, oer moaie en bysûndere minsken. De skriuwer tekenet it Fryske doarpslibben fan ’e jierren fyftich en sechstich yn ’e foarige iuw fol humor. De foarfallen binne o sa werkenber. Jan Tabak hat in skerp each foar de minsklike kant, foar it lytse dat soms grut wêze kin. O sa linich skreaun. Ferdivedearjend. Spannend. Ferhalen dy’t ferhalen oproppe: fan it iene komt it oare.
Jan Tabak (Wânswert, 1949) publisearre earder yn eigen behear Marianne, troch alles hinne en In slach om ’e buorren…, twa bondels mei fersen.
  
Tal siden:  120
Utjouwerij Bornmeer
ISBN: 9789056153526
 Sipke sjocht sterkes (ferskynt  21 novimber)
 Sipke sjocht sterkes (ferskynt  21 novimber) In wjukslach tsjin 'e blauwe loft
 In wjukslach tsjin 'e blauwe loft Dat is moai Frysk! (ferskynt 1 desimber 2025)
 Dat is moai Frysk! (ferskynt 1 desimber 2025)
 
                     
                     
                    