Dreaun fan ierde' dream - Libben en wurk fan Obe Postma
Philippus Breuker
€35,00
Details
Libben en wurk fan Obe Postma
De Dútse dichter C.F. Gellert sei ea oer in ferstoarn âld man dat de grutsten fan syn foartreflikheden wienen: ‘Er ward gebohren, Er lebte, nahm ein Weib, und starb’. Obe Postma naam sels gjin frou en hie boppedat mar ien dy’t er syn freon neame koe – hoe saai moat syn biografy wol net wêze. Mar sa is it net.
It libben fan Obe Postma hat krekt ryk west. Hy hold him yntinsyf dwaande mei sokke ferskillende dingen as de wis- en natuerwittenskippen, de filosofy en de psychology, de dichtkeunst, de skiednis en it ûnderwiis.
Syn wittenskiplik wurk is ynbêde yn ynternasjonale ferbannen. Syn dichtwurk jout sicht op ynfloedrike poëzy. Hy hat syn besibbens mei de grutte tinkers en dichters fan syn tiid herkend, har lêzen en ferarbeide, en mear as ien en twa wrâldferneamde Nederlânske gelearden hat er persoanlik kend. Yn de poëzy hawwe Rilke, Emily Dickinson en de klassike Sineeske dichters him tige nei lein.
Tsjinstellingen wiene der ek. Hy hong oan it libben, woe lokkich wêze en diel útmeitsje fan in ienheid, mar wie folslein in man op himsels. By alle geleardheid is de grûntoan fan syn bestean mankelikens en syn libben is tekene troch ûnrêst en begearen.
It wie in dreaun man. Hy moast wurkje, hy koe net oars. Oan de ein fan syn libben sei er: ‘Mar ik haw dien wat ik moast’ en dêr bedoelde er mei dat er it ûnmooglike neistribbe hie.
Hy hat it grutte neistribbe. Miskien wie it ek wol in grut man. Hy wurdt ommers net allinnich ûnder fakgenoaten respektearre, mar as dichter hat er ek trouwe leafhawwers yn grutter rûnten. Hy krige de beide heechste Fryske provinsjale prizen op it gebiet fan literatuer en wittenskip, in unikum yn de skiednis oant hjoeddedei ta. Yn de Fryske kultuer nimt er in bliuwend plak yn. Hy sil noch lang ynspiraasje en herkenning jaan.
Ph. H. Breuker wie heechlearaar yn Leien en Amsterdam en hat him jierrenlang dwaande holden mei de stúdzje nei libben en wurk fan Obe Postma, ek yn syn tiid oan de Fryske Akademy.
 Dichter bij SIEP - Biografie van Sijbren Ridsert van den Berg (1913-1998)
 Dichter bij SIEP - Biografie van Sijbren Ridsert van den Berg (1913-1998) De kâlde krústocht
 De kâlde krústocht De gitaar by it boek
 De gitaar by it boek Friese kerken - een inleiding
 Friese kerken - een inleiding Protestantse kerken - hun pracht en kracht
 Protestantse kerken - hun pracht en kracht Genealogysk jierboek 2016
 Genealogysk jierboek 2016 Tussen Gideonsbende en publieke kerk
 Tussen Gideonsbende en publieke kerk Oudfriese Oorkonden - Oebele Vries
 Oudfriese Oorkonden - Oebele Vries It deiboek
 It deiboek Het recht van een vrije Friese stad.
 Het recht van een vrije Friese stad. Achlum Nobusco en de monsternimmers
 Achlum Nobusco en de monsternimmers Genealogysk Jierboek 2008
 Genealogysk Jierboek 2008 Stip en syn mem
 Stip en syn mem De kâlde krústocht - Audioboek
 De kâlde krústocht - Audioboek Snååk Frasch
 Snååk Frasch Minym ferweech - Minieme gebaren
 Minym ferweech - Minieme gebaren Tomke en de bijen - Bildtse edisy
 Tomke en de bijen - Bildtse edisy Tútsje derop!
 Tútsje derop! Akkie op 'e pleats
 Akkie op 'e pleats Wat in ein!
 Wat in ein! De wûndertoeter fan Hindrik Bûter
 De wûndertoeter fan Hindrik Bûter Dingeman krijt wjukken
 Dingeman krijt wjukken Dreaun fan ierde' dream - Libben en wurk fan Obe Postma
 Dreaun fan ierde' dream - Libben en wurk fan Obe Postma It deistich bestean by âlds - Obe Postma
 It deistich bestean by âlds - Obe Postma Obe Postma - In libben dat bloeide nei syn aard
 Obe Postma - In libben dat bloeide nei syn aard Veld, huis en bedrijf - Landbouwhistorische opstellen
 Veld, huis en bedrijf - Landbouwhistorische opstellen
 
                     
                    