Categorieën

Geen producten in de winkelwagen.

Do bist de leafste

12,50

Details

In tiidleas boek foar alle leeftiden mei leave gedichtsjes fan Hans en Monique Hagen en sfearfolle yllustraasjes fan Marit Törnqvist.
Eppie Dam hat in prachtige oersetting makke.

ik sykje in wurd

in hiel nij wurd

in wurd dat dij noch mist

ik sykje in wurd

dat sizze wol

datsto de leafste bist


Wieke: “As mem koe ik merke dat dit boekje helpt by it útlizzen fan allegear emoasjes oan bern. Ek de drege ûnderwerpen wurde sa dochs yn begryplike taal ferteld. Ut dit boek ha wy bygelyks in moai, waarm en passend gedicht útsocht om foar te dragen op ús beppe har begraffenis. Mar ek foar fleurige dingen lykas nij libben, in feestje of in moaie alledeiske situaasje kinne je yn dit boek genôch passende fertelstof fine.” Lês hjir de folsleine resinsje fan Wieke.

Yvonne: “De yllustraasjes, makke troch Marit Törnqvist, jouwe in waarm gefoel by de gedichten. Se binne ferspraat oer de hiele spread en der falt in hiel soad te sjen. Dêrtroch kinst de yllustraasjes ek brûke as sykplaat. Se jouwe krêft oan de ferskes, mar binne ek wiere keunstwurken op harsels.” Lês hjir de folsleine resinsje fan Yvonne.