De Grutte Griene Grizel
Julia Donaldson
€14,99
Details
Wanneer konijn naar huis toe gaat, hoort hij een luide stem. De stem komt uit zijn hol weg: “Ik ben de GRIEZEL, GROOT EN GROEN en ik ben akelig gemeen!”
Wie zit er in konijn zijn hol?
3+
Van de schrijver van ‘de Gruffalo‘ en de illustrator van ‘Wy geane hjoed op bearejacht‘
Annemarieke: “Jûns freget Maaike wa’t der no yn it grutte hol sit en hoe’t er derút sjocht. Dan lêze wy flechtich fierder en mei-inoar komme wy ta de ûntdekking dat it ferhaal in hiel grappich ein hat. Ik fertel Maaike en Femke dat it bist grapkes úthellet mei alle oare bisten. Maaike begjint hurd te laitsjen en mei-inoar laitsje wy om it ein, wêrby’t alle bisten yn it boek ferheard binne oer wa’t de “Grutte Griene Grizel” is.” Lês hjir Annemarieke har folsleine resinsje.
Simone: “Fuortendaliks doe’t wy it boek thús krigen, woene Stijn en Beau it boek lêze. Sy fine it wol spannend. Watfoar bist soe der yn ’t hol fan knyn sitte? Stijn tinkt dat er in lange sturt hat en miskien ek wol in hoarn op ’e holle. Beide tinke sy dat er yn elk gefal grutter wêze moat as in oaljefant, alhoewol?? Hoe soe er dan yn ’t kninehol komme kinne? Miskien kin er wol fan foarm feroarje?” Lês hjir Simone har folsleine resinsje.
Yt: “Myn soan hat it boek op skoalle krigen. It bliuwt in machtich boek! Wy lêze it noch in soad, de broerkes fine it ek skitterjend. It moaie is de ferrassing, it blykt in ûndogenske lytse kikkert te wêzen dy’t de oaren oan it skrikken kriget. De yllustraasjes binne ek hiel moai. In echte oanrieder!”
Meintje: “Dit machtige moaie boek hawwe de bern fan Sinteklaas krigen. Eltse kear is’t wer spannend at de grutte griene griezel út it hol ropt. Lokkich is hy écht net gemien! Op de ein swaaie de bern him út tegearre mei alle oare bisten.”