Liet fan it fjild
Piter Boersma
€10,00
Details
hjir wenje mar in stikmannich boeren
trije famyljes it hiele folkje
by de doarpstimpel in dûnsend wolkje
tankje se har god mei trommeroeren
Ut: “in ekskurzje yn de omkriten fan Liang”shou fan Wang Wei
Piter Boersma skriuwt yn syn neiwurd yn Liet fan it fjild: “De âldste Sineeske definysje fan poëzy seit, dat in gedicht de ferwurding is fan in gefoel. De dichter is oandien troch de wrâld om him hinne en jout syn gefoelens wer troch syn wurdkar by de beskriuwing fan wat him sa oandie. Dêrby kin it gean om ûnderfiningen út it iepenbiere libben, it sjen fan it lânskip, it ûndergean fan de natuer of om priveesaken. Wat my oansprekt is de direktens en faak ienfâld dêr’t dat mei dien wurdt.”
Frysk, 102 siden, paperback