It is drok by pakketbesoargers mei de feestdagen yn oantocht. Bestel dêrom op tiid!
Kategoryen

No products in the cart.

Oantinken - Romte foar ynspiraasje en stilstean by ferlies

Pieteke de Boer

12,95

Details

‘De ôfrûne jierren ha ik teksten skreaun oer ferlies, rou en treast. Asto de wurden net fine koest dan socht ik se. En no binne se sammele yn dit skrift. Om te lêzen of ynspirearre te wurden.’

Yn it skrift is romte om sels dingen yn te skriuwen dy’tst net ferjitte wolst. Oantinkens oan in persoan. Of saken dy’t regele wurde moatte yn oanrin nei in ôfskie. It skriuwen kin faaks helpe om dingen helder te krijen.

Dizze útjefte is ta stân kommen yn gearwurking mei fotografen Johan Bosgra en Liesbeth van Nieuwkasteel. Dichter Pieteke de Boer wûn yn 2016 in Rely Jorritsma-priis en skriuwt foar grut en lyts.

 

Ik woe wol dat der wurden wienen

wurden foar in dei as hjoed

wurden dy’t dy stypje koenen

folle mear as krêft en moed

(…)

Ik soe se daliks tsjin dy sizze

ek al holp it mar in dei

mar de stilte wûn it hjoed

en hold wurden by ús wei

 

Author : Pieteke de Boer ISBN : 9789090384771 New label : 1 Pages : 42 Language : Frysk Publisher : Eigen behear Format : Softcover mei nytsjes Kategory: , , .