Categorieën

Geen producten in de winkelwagen.

Aanbieding!
Aanbieding

Wibren Altena - In swalker yn 'e geast

Bennie Huisman

Oorspronkelijke prijs was: €19,50.Huidige prijs is: €5,00.

Details

De lieten en gedichten fan dichter en foardrachtskeunstner Wibren Altena (1917-1987) hearre ta it meast nijsgjirrige wat der op it mêd fan de ‘kleinkunst’ yn Fryslân op de planken brocht is.

De Makkumer dichter en foardrachtskeunstner publisearre al foar de oarloch syn earste gefoelige en filosofyske fersen. Tsien jier letter luts er yn Fryslân folle sealen mei syn mear dan aparte satiryske en humoristyske foardrachten, dêr’t de Ballade fan Longerhou hast wol de bekendste fan is. Yn 1956 ferhuze er nei Rotterdam en die hy de doar nei syn eardere bestean achter him ticht. Trije jier nei syn dea waard syn wurk bondele yn De laitsjende wierheid.

Bennie Huisman (1947) brocht dat wurk wer ta libben yn in muzykteaterfoarstelling: De wite walfisk. Yn dit boek siket er de man achter dat aparte oeuvre en folget him troch de tiid, net inkeld yn Fryslân, mar ek yn de jierren dêrnei. De auteur krige foar it skriuwen fan dit boek in wurkbeurs fan it Nederlands Letterenfonds.

De CD achter yn it boek befettet histoarysk materiaal: in sântal lietsjes songen op de wizen sa’t dy yn de tiid fan it ûnstean brûkt waarden en sân foardrachten troch Wibren Altena sels (út de argiven fan Tresoar).

Lietsjes cd:
Tusken dyk en peallen
Maitiidsmoarn
Beppe Styntsje
Libbenssee
Liet fan de hangploech
Widzesankje
Peallesang
Buerfrou’s kipen

Foardrachten cd:
De Hazze
Wetterfaam
Kommmiis
Grutte Pier
De Boer
Maartmoanne
Frysk eksamen