It is drok by pakketbesoargers mei de feestdagen yn oantocht. Bestel dêrom op tiid!
Categorieën

Geen producten in de winkelwagen.

Under de Seespegel - Audioboek

Durk van der Ploeg

16,50

Details

Lústerboek

‘Ûnder de Seespegel’ bestiet yn haadsaak út koarte ferhalen dy’t yn it waadgebiet spylje. Durk van der Ploeg jout in sfearfolle ympresje fan it lânskip en fan de faak wat iensume personaazjes dy’t syn ferhalen befolkje. Faak lûke dy minsken oan de koartste ein. Lykas de polhoeder fan de Bantspolder yn it ferhaal ‘It Keal’. Hy besiket in better takomst foar syn húshâlding te bestribjen yn de krisisjierren fan de foarige ieu. Yn ‘Grûn fan ús grûn’ skriuwt in frou in brief oan har skoansuster yn Kanada. Se fertelt oer twa broers dy’t inoar nei har jeugd noait wer sjoen ha. Yn it tragykomyske ferhaal ‘Snieflok yn ‘e simmer’ siket in frou har frijheid yn aventoer. ‘De Hûnsdagen’ spilet op Skylge. In tragysk ynsidint soarget derfoar dat de haadpersoanen inoar nea wer ferjitte sille. ‘Fiif manieren om ôfskie te nimmen’ is de lêste, tige ferrassende bydrage. cd1: 1. Duisterwinkel5. It keal8. Grûn fan ús grûncd2: 1. De reinwettersbak5. It wie mar jiske dat wy loslieten cd3: 1. De hûnsdagen6. Snieflok yn ‘e simmercd4: 1. Der giet neat boppe de natuer7. Se witte net wat ik trochmeitsjecd5: 1. De opstanning3. Fiif manieren om ôfskie te nimmen.

Foarlêzen troch Jan Schotanus

5 cd’s

Author : Durk van der Ploeg ISBN : 9789460380471 Language : Frysk Publisher : Audiofrysk Categorie: , .