It is drok by pakketbesoargers mei de feestdagen yn oantocht. Bestel dêrom op tiid!
Categorieën

Geen producten in de winkelwagen.

Tin iis

Tiny Mulder

20,00

Details

Ferhalen oer de Dútske besetting (1940-1945) bliuwe almeast by anekdoates. Dêr is lykwols noch de helte net mei sein. Wichtiger is hoe’t minsken har hâlde en drage ûnder druk, hoe’t se reagearje as der in berop dien wurdt op har geastkrêft en hoe’t se it ferwurkje as se komme te stean foar de gefolgen as se ‘ja’ sein hawwe op dat berop.

Yn dit boek besiket de puber Klaske Jagersma, in helder famke mei kritysk each, te beskriuwen hokker ynfloed it ynheljen fan in joadsk ûnderdûkerke, folge troch it mear en mear behelle wurden yn fersetsaktiviteiten, hân hat op harsels en de oare Jagersma’s. Se beskriuwt ek it gedrach fan oare minsken yn en bûten it ferset yn de bûtenwenstige omstannichheden. Se sparret har krityk net, as se dêr oanlieding ta sjocht. Sels fernimt se, hoe hurdhandich se folwoeksen wurdt troch de oarloch.

De Befrijing pakt de Jagersma’s nochris hurd oan. De persoanen yn dit boek steane model foar ferskeidene Friezen tusken hjerst 1942 en simmer 1945.

De roman Tin iis fan Tiny Mulder is ien fan de meast wurdearre boeken út de Fryske literatuer, sa die yn 2006 bliken út in lêzersûndersyk fan de Ljouwerter Krante. It ferhaal fan it famke Klaske Jagersma dat waarnimt hoe’t har âlder suske Dineke yn it ferset sit en dy’t dêr sels ek starichwei yn behelle wurdt, en de wederwaardichheden fan de famylje Jagersma mei ûnderdûkers yn oarlochstiid binne meinimmend delset. De skriuwster hat der in protte fan hat eigen wjerfarren en fan har âlden yn ferwurke. It ferhaal is situearre yn in plak dat op it eardere Drachten liket. Dat plak wurdt net mei namme neamd, omdat de stêd fan no te grut is foar it lytse plak dat de skriuwster foar eagen stie.

Yn har biografy Foar alles is in tiid seit se dat se it boek skreau út lilkens dat de rol fan de frou yn de oarloch neitiid ûnderbeljochte bleaun is, en dêr woe se wat yn feroarje. Fan it boek ferskynde in oersetting yn it Hollânsk makke troch de skriuwster sels.