It is drok by pakketbesoargers mei de feestdagen yn oantocht. Bestel dêrom op tiid!
Categorieën

Geen producten in de winkelwagen.

Simmer oan 'e Pikmar

Sjieuwe Borger

16,50

Details

De âld-Grouster Sybren Brouwer, studint yn Grins, docht fakânsjewurk yn Grou. Hy hopet syn bestean wer fuotten ûnder it gat te jaan, want syn ferkearing yn Grins is útskuord.

Yn syn frije oeren stoart Sybren him mei syn freon Ljudger yn it nachtlibben fan Grou. Mar Sybren freget him ôf oft it libben net mear hat te bieden. Dan treft er tafallich Japkje, dy’t er noch ken fan syn klasse op de middelskoalle. Sy neamt har no Thérèse en hâldt mei freonen fakânsje op de boat. Op skoalle hie Sybren in soad each foar har, mar dat wie net fan twa kanten. Dat liket no al hiel oars te wêzen: Thérèse hat it mei har freonen net al te al te nei it sin en sy in Sybren sjogge inoar mei gâns oare eagen as op skoalle, of dochs net? En wat fynt Lineke, syn kollega yn de bar, dêr fan? En wat is de rol fan Bartele, de buorman fan Sybren? Fan alle persoanen blykt Ljudger op it lange lêst de meast evenredige figuer te wêzen, want wat giet it der om wei, dêr oan ‘e Pikmar.