It is drok by pakketbesoargers mei de feestdagen yn oantocht. Bestel dêrom op tiid!
Categorieën

Geen producten in de winkelwagen.

Raffelwjok

Syds Wiersma

12,00

Details

Raffelwjok

Raffelwjok is de twadde dichtbondel fan Syds Wiersma (1963). It is in seleksje út 25 jier (foar in part sliepend) dichterskip. Yn 1992 debutearre er mei de bondel Alles wat ik net betinke woe. Om 1995 hinne hold er op mei it skriuwen fan poëzy. Tsien jier letter kamen de driuw en de wille wer werom, earst mei Nederlânske gedichten, de lêste jierren ek wer mei Fryske. De ‘raffelwjokken’ yn dizze nije bondel binne net gronologysk oardere. Ald en nij steane trochinoar en binne min of mear tematysk oardere. Lânskip, leafde, leauwen en de betsjutting fan it skriuwen sels binne foar Wiersma wichtige boarnen fan ynspiraasje en wurde gauris yninoar ferflochten.

 

Skriuwer: Syds Wiersma

Utjouwerij Hispel

67 siden, paperback

ISBN : 9789074516211