Ntrije55 - gedichten
Elske Kampen
€17,50
Details
‘Simmer 2017 rûn ik tal fan kearen oan ‘e westkant fan Hurdegaryp by de N355 del. Ik socht dêr om lyts yndustrieel ôffal, lykas bygelyks eintsjes tou, stikjes metaal, glês en keunststof. Dy fynsten, losrekke fan in eardere funksje yn in grutter gehiel, wiene ferwurden ta tafallige foarmen en dêrmei beskikber foar my om in nije betsjutting oan te jaan.’
De gedichten yn dizze bondel Ntrije55 hat Elske Kampen skreaun nei oanlieding fan dit materiaal. Dêrmei set se in folgjende stap op har paad om poëzy te skriuwen op grûn fan hieltyd abstrakter byld. De bylden yn de bondel binne fan deade matearje, mar roppe poëzy op dy’t oer it libben giet.
Trochgong
Ik fyn in letterteken yn ‘e berm. Krij it op
en nim it mei. It foel ien ta de mûle út dy’t
skrok of dy’t begrutsjen hie. Bewûndere of
eangstich wie. No stjoert it teken my.
Reina: “It is in dichtbondel dy’t nijsgjirrich makket en ferwûndering opropt foar de lytse dingen dy’t men faak oer de kop sjocht mar dy’t dochs bysûnder binne. ‘Gewoan’ materiaal dat syn funksje ferlear, mar troch de gedichten dy’t Elske derby skreau syn bysûnderens weromkrigen hat. In bondel om faak noch wer ris út ’e kast te krijen en dy opnij oer te ferwûnderjen!” Lês Reina har hiele boekresinsje hjir op heitenmem.nl.
Tietsje: “Ik haw oant no ta de gedichten al inkele kearen lêzen en fyn dêr hieltyd wer in djippere laach yn. Mei de earste kear lêzen fal ik foar har moaie wize fan rimen en de prachtige Fryske wurden dy’t se brûkt. De gedichten lêze maklik en bringe de ôfbyldingen op de oare side werklik ta libben.” Lês Tietsje har hiele boekresinsje hjir op heitenmem.nl.