It is drok by pakketbesoargers mei de feestdagen yn oantocht. Bestel dêrom op tiid!
Categorieën

Geen producten in de winkelwagen.

Molwrot

Piter Boersma

18,50

Details

Haadpersoan yn it boek is Seleina. Se sit yn ’e wapenhannel. Se is ôfkomstich út Fryslân (Ljouwert), wennet yn Amsterdam, dêr’t se in kunde hat dy’t har molleferhalen fertelt. Se hat kontakten oer de hiele wrâld en reizget de hiele wrâld oer. Se fiert mei in man dy’t se yn Belgrado troffen hat fakânsje op Peaske-eilân, mei as wichtich elemint dat dêr tafallich in konsertrige mei alle muzyk fan Gustav Mahler plakfynt. Op ’e achtergrûn spilet in geheim út har jeugd. It boek giet oer in ûndergrûnsk libben. Dat dêrom de titel: Molwrot.

“…Fertel mar in koart ferhaaltsje.”
“Hiel koart dan. It jonge moltsje kaam boppe de grûn. It soe wêze. Mar dêr wie in ielreager en dy pakte him. It moltsje pipe even.”
“In wreed ferhaal,” sei Alexander.
Seleina sei: “Yn Mahler syn muzyk hear ik ek al dy mollelûden werom, opwinende, lilke, wrede, seare.”
“Hasto wat mei mollen?” sei Alexander.
“Fansels,” sei Seleina.
Se seach har Servyske freon even ûnder de eachbrauwen wei oan.
Tsjin Catrinus sei se: “Hast in nuet ferhaal ferteld.”
“As ik sels nuet bin, fertel ik in nuet ferhaal,” sei er.
“Mar dat dochst nea ast mei my allinne bist.”
“Om’t ik it dan net doar.”
Seleina seach Catrinus rjocht oan en doe sloech se de eagen del.
Catrinus stuts de hân út nei har hannen dy’t op ‘e tafel leine. Krekt op dat stuit stuts Seleina de hân út nei Catrinus sines dy’t al yn de romte sweefde. De fingers fan harren hannen rekken inoar.
“It liket wol oft jim dûnsje wolle,” sei Alexander.

Author : Piter Boersma ISBN : 9789074516228 Pages : 245 Language : Frysk Publisher : Hispel Format : paperback Categorie: , , .