It is drok by pakketbesoargers mei de feestdagen yn oantocht. Bestel dêrom op tiid!
Categorieën

Geen producten in de winkelwagen.

Minskebern

16,50

Details

Twa minskebern spylje yn dizze roman in grutte rol. Maart is oan ‘e ein fan har libbensreis en sakket hieltyd fierder fuort yn ‘e dize fan de sykte fan Alzheimer. Daan, krekt berne, moat noch begjinne en giet op ûntdekkingsreis. Wat de iene net mear kin, moat de oare noch leare. Hielendal oan ‘e ein en hielendal oan it begjin is har wrâld net grutter as it bêd dêr’t se yn lizze. It boek is skreaun út it perspektyf fan Geeske, dochter fan Maart en beppe fan Daan. Mei har twa susters ferwurket se de achterútgong fan har mem en fynt se hope yn it nije libben fan har bernsbern.

De earste printing fan dizze roman ferskynde yn 2008.