It is drok by pakketbesoargers mei de feestdagen yn oantocht. Bestel dêrom op tiid!
Categorieën

Geen producten in de winkelwagen.

Mindset wurkboek

5,25

Details

Dit is in mindset-wurkboek. In mindset is in wize fan tinken of in mentale hâlding dy’t immen oannimt. Proffesor Carol Dweck hat mindset yntrodusearre. In mindset kin positive of negative ynfloeden hawwe op it wolslagjen of mislearjen fan wat men berikke wol. Dit boek wurket mei twa begripen: de fêste mindset en de groei-mindset. Gauris is de fêste mindset: ik haw it probearre, mar it slagget my net, ik jou it oer. De groei-mindset moat in feroaring fan tinken bewurkje: ik kin it wól, ik set troch, ik sil leare fan myn flaters. Dit boek wol de bern bybringe, hoe’t hja frustraasjes oerwinne kinne troch posityf te tinken. Fan it meitsjen fan flaters kinst in protte leare.Dit wurkboek befettet 32 siden mei wurkblêden, dêr’t de bern selsstannich of yn groepsferbân mei oan ’e slach kinne. In soad blêden jouwe oanlieding ta in ûnderling petear en útwikseling fan eigen ûnderfiningen, tsjinslaggen en oerwinningen. Yn ’e hantlieding steane gâns opdrachten en tips. Hy is fergees te downloaden. It wurkboek is fan stevich en kwalitatyf goed papier, dêr’t de bern maklik en dúdlik op skriuwe en tekenje kinne. Dit wurkboek is gaadlik fan groep 5 ôf. Heiten en memmen dy’t thús mei Mindset teset gean wolle, kinne it wurkboek en de hantlieding ek brûke.

Underwiissoart : primêr ûnderwiis Leeftyd : 8-12 jier Categorie: .