It is drok by pakketbesoargers mei de feestdagen yn oantocht. Bestel dêrom op tiid!
Categorieën

Geen producten in de winkelwagen.

Lân fan wetter

2,50

Details

It doel fan it tema Lân fan wetter is learlingen yn de kunde komme te litten mei de wetterhúshâlding fan Fryslân. Utgeande fan it wetter yn de buert fan skoalle giet it oer fearten, marren en kanalen. In logyske stap is it dan nei wetterhichten, polders, mûnen en gemalen.
De basisopjeften foarmje in stevige ûndergrûn foar it meitsjen fan de keuzeopdrachten. De learlingen kinne hjirby kieze út in fiks tal opjeften dy’t te krijen ha mei it tema. It binne opjeften dêr’t de bern der foar op út moatte en/of de eigen omkriten mei oare eagen leare te besjen.
In (skoal)besite oan it Ir. Woudagemaal op ’e Lemmer krijt mei dizze achtergrûn ekstra ynhâld.

Domein : Harkjen, Lêzen, Praten, Skriuwen, Yn petear Underwiissoart : primêr ûnderwiis Leeftyd : 8-12 jier Categorie: .