Categorieën

Geen producten in de winkelwagen.

Hierbak

Sietse de Vries

17,50

Details

Sjerp Bak docht foar in regionale krante al tweintich jier ferslach fan de Ljouwerter gemeentepolityk. Gjin sjoernalistyk swiergewicht miskien, wol in betrouber ferslachjouwer. Privee liedt fyftiger Bak it wat grizige bestean fan in frijfeint op jierren. Nei’t syn libben yn Bak op de kop set waard troch twa ûngelokkige stjergefallen, komt er yn Hierbak foar in ûnmooglike kar te stean: sels dea of in pear lytse kriminelen út ‘e wei romje. Dêr’t Sjerp wekker leit fan it hiermoardnerskip, dreamt deputearre Kerst Sorgdrager fan de ferdûbeling fan de dyk Ljouwert-Boalsert. It is lykwols de fraach oft de baten tsjin de lêsten opweage, en dat net allinne foar de mienskip.

 

Mei Hierbak bewiist Sietse de Vries opnij dat er net allinne in spannend boek skriuwe kin, mar ek in skerp each hat foar de tragykomyske kant fan it libben fan gewoane minsken dy’t har bêst dogge om der wat fan te meitsjen.

 

‘Bak is in moaie miks fan in psychologyske misdiedroman, wêrby’t de motiven socht wurde moatte yn it persoanlike flak, en in sosjale misdiedroman, dy’t mear preökkupearre is mei maatskiplike korrupsje en organisearre misdied.’ (Sjoerd Bottema yn de Moanne oer Bak)

Lusterje ek nei de podcast fan Omrop Fryslân:

https://www.omropfryslan.nl/utstjoering/boekekast-14-hierbak-fan-sietse-de-vries

 

Author : Sietse de Vries ISBN : 9789056154431 Pages : 237 Language : Frysk Publisher : Bornmeer Categorie: , , .