heit en mem online winteredysje
€0,00
Details
Wolkom by de spesjale online winter-edysje fan heit&mem! Wylst de wrâld bûten stadich yn ’e wintersliep falt, bringe wy jim in ekstra feestlike edysje fol waarmte, werkenning en winterwille.
Wêr’t it blêd ‘heit en mem’ oars by jimme op ‘e keukenstafel leit, hawwe wy diskear keazen foar in digitale ferzje – ien dy’tst lekker ûnder in tekkentsje op ‘e bank lêze kinst, op dyn tillefoan of tablet.
Dizze spesjale online útjefte sit grôtfol ynstjoeringen fan ús lêzers. En do fynst binnenyn de fleurige lêsbingo fan Keimpe de Krokodil, want ek yn fakânsjes moat der (foar)lêzen wurde fansels!
Wy hawwe ek, sa’t jim fan ús wend binne, wer in samling hearlike berneútspraken.
Dêrneist fynst yn dit nûmer folop winterske gesellichheid: fan ynstjoerde poppefoto’s dêr’tst spontaan waarm fan wurdst oant foto’s fan bern dy’t fol oerjefte koekjes, taarten en oare lekkernijen bakke.
Fierder sprutsen we Marianne, dy’t har jierdei hat op earste krystdei. Yn in ynterview fertelt se hoe’t dat fielt, hoe’t se it fiert en wêrom’t it eins bêst unyk is om dyn jierdei te dielen mei it moaiste feest fan it jier. Ek ha wy in ynterview hân mei Tjalling & Berber. Tweintich jier lyn stienen se as ‘tienerâlders’ yn de heit&mem. Hoe soe it no mei se gean? Ek fynst 10 handige tips oer wat ast mei dyn bern yn ‘e hûs út fine kinst yn de krystfakânsje.
Wy winskje dy in hiel soad lêswille mei dizze ekstra waarme winter-edysje fan heit&mem. Genietsje derfan!
Nei de bestelling kinst de heit&mem dellade. (reade knop)

