Categorieën

Geen producten in de winkelwagen.

Nieuw

heit en mem nr. 1 - 2025

0,00

Details

It nije nûmer fan Heit&mem is der wer – fol mei ynspiraasje, ferhalen en fleurige bernepraatsjes foar alle heiten, memmen, pakes, beppes en oppassers fan bern fan 0 oant 12 jier. En it moaiste fan alles: it blêd is hielendal fergees!

Yn dit nûmer:
🗣️ Ynterviews mei bern út Reahûs – oprjocht, grappich en ferrassend
🎉 Oer traktearjen – is traktearjen noch fan dizze tiid? Elke skoalle in oar belied?
⏰ Kloklêze – hoe kin it dat in protte bern gjin analoge klok mear lêze kinne?
🌈 In bysûnder ferhaal oer in reinbôgefamylje út de Rottefalle – gjin mem, gjin heit, mar in mapa
👶 Hiel wat bernepraatsjes dy’t dyn dei better meitsje.
📖 In prachtich foarlêsferhaal fan Sjoukje de Boer
🎨 Nifelje mei tissuedoazen – kreative knutselwurkjes fan Cheryl

En der is noch folle mear te ûntdekken!

📬 Bestel it blêd hjir fergees* of helje it by dyn biblioteek, konsultaasjeburo of pjutteboartersplak.

Mei Heit&mem hâlde wy de Fryske taal libben én leuk – foar jong én âld.

*Do kinst it blêd hjir online bestelle, do betellest dan allinne de fersjoerskosten. GRAACH NET MEAR DAN 2 EKSIMPLAREN BESTELLE. Wolst der mear ha? Dan kinst se it bêste sels efkes helje út de Afûkwinkel wei.

De heit&mem is hjir online yn te sjen. In protte lêswille tawinske!