It is drok by pakketbesoargers mei de feestdagen yn oantocht. Bestel dêrom op tiid!
Categorieën

Geen producten in de winkelwagen.

Floaris en Blankefloar

Klaas Bruinsma

17,50

Details

Beschrijving

Dit is it leafdesferhaal fan Floaris en Blankefloar, de reade roas (it fjoer fan de leafde) en de wite leelje (de reine ûnskuld). It ferhaal fan de leafde tusken twa jonge minsken fan in ferskillend leauwen: Blankefloar is Kristinne, Floaris is fan moslim komôf. Troch alle tsjinwurking fan Floaris syn…

Naar de volledige beschrijving van Floaris en Blankefloar >


Recensie

Dit boek is nog niet gerecenseerd

Naar de volledige recensie van Floaris en Blankefloar >

Dit is it leafdesferhaal fan Floaris en Blankefloar, de reade roas (it fjoer fan de leafde) en de wite leelje (de reine ûnskuld). It ferhaal fan de leafde tusken twa jonge minsken fan in ferskillend leauwen: Blankefloar is Kristinne, Floaris is fan moslim komôf. Troch alle tsjinwurking fan Floaris syn âlden hinne bliuwe Floaris en Blankefloar inoar trou en Floaris ûndernimt in nuodlike reis om syn leafste werom te krijen. Ek as hja inoar werfûn hawwe, is’t gefaar noch net geweken en stiet harren libben sels even op it spul. Lokkich beslacht alles goed oan ‘e ein.

Troch alle ieuwen hinne hawwe minsken niget hân oan de histoarje fan Floaris en Blankefloar. Mei dêrby de tsjinstelling kristlikheid-islam is it ferhaal yn dizze tiid ek noch wer tige aktueel.
Klaas Bruinsma hat op treflike wize it middelnederlânske gedicht oerset yn flotrinnende, hjoeddeisk-Fryske fersrigels. In juwieltsje foar Fryslân en de Fryske bibleteek.

Nei syn pensjoen yn 1986 hat Bruinsma (1931, Easterein) him hielendal wijd oan it oersetten fan de klassiken út de wrâldliteratuur. As gymnasiast wie hy dêr al mei dwaande. In 1993 krige hy de dr. Obe Postma-priis foar syn oersetting fan trije trageedzjes fan Sofokles, en yn itselde jier foel him de kultuerpriis fan de gemeente Gaasterlân-Sleat ta ‘voor zijn verdiensten voor het behoud van de Friese taal.’ Yn 2005 is him op ‘e nij de dr. Obe Postma-priis takend, ditkear foar syn oersettings yn it Tinkboek fan Gysbert Japicx, de bondel Lânwurk mei de oersetting fan de Georgika fan Vergilius, en foaral foar syn oersetting fan de Ilias en de Odusseia fan Homêros.