Einum - Audioboek op mp3
Koos Tiemersma
€12,00
Details
Lústerboek
Yn it djippe suden fan Kanada set in fûgeltsje útein mei de oerstek nei Europa. Tagelyk wurdt by in wenningstichting yn it noarden fan Nederlân in brief opsteld.
Balansearjend op it snijflak fan lân en see leit Einum, in buertskip yn in lânskip fan boulannen mei op de achtergrûn in him yn rap tempo útwreidzjend havengebiet. Yn achttjin miniatueren wurdt in skets jûn fan de ynwenners: in keunstner dy’t besiket de skimering tusken skaad en ljocht fêst te lizzen, in demintearjende frou, in famke dat de leafde ûntdekt, in boer dy’t siket om in masteresse, in twilling dy’t in troch it smookferbod troffen kafeetsje nij libben besiket yn te blazen.
Geandewei floeie al dy libbens yn elkoar oer en dan ynienen is dêr dy brief. En ferskynt in fûgeltsje oan ‘e loft…
Koos Tiemersma debutearre yn 2002 mei ‘De ljedder’. Dat literêre debút waard daliks in grut sukses. Yn 2003 krige de skriuwer de earste Rink van der Veldepriis foar syn boek.
Foarlêzen troch Koos Tiemersma en Tryntsje Finnema, de frou fan de skriuwer.
1 mp3 cd