Categorieën
Aanbieding!
Aanbieding

De wûndertoeter fan Hindrik Bûter

Paul van Dijk

Oorspronkelijke prijs was: €12,95.Huidige prijs is: €4,95.

Details

In het leven van Hindrik Bûter zit helemaal geen avontuur. Hij woont in een gewoon huis, in een gewone straat en hij heeft een gewone familie. Iedere dag eet hij doperwten en hij gaat nooit op vakantie. Op een nacht wenst Hindrik dat hij wat bijzonders mee zal maken. En dan vindt hij een toeter. Zomaar. Een wondertoeter!


Tjitske: “Fakânsje, dat is in feest! Alle dagen frij om allegear nije dingen te dwaan en te belibjen… No, moai net foar Hindrik Bûter. Yn syn doarp Flechtwerd is hielendal neat te belibjen. En hy moat ek noch de hiele fakânsje thússitte, wylst elkenien fuort is. En elke jûn dopearten ite om’t der foar oars gjin jild is. Saai. Sjoch, syn heit en mem besykje it wol hear, mar it slagget mar net om de fakânsje leuk te meitsjen. En dan binne der ek noch “de TRIJE”, dy’t der alles oan dogge om it libben fan oaren noch krekt even wat minder leuk te meitsjen. Mar der feroaret wat: Hindrik fynt in toeter. In hiele bysûndere toeter. Fan it momint ôf dat er der foar it earst op blaast, feroaret de saaie fakânsje yn ien grut aventoer. Do kinst it sa gek net betinke of it kin: papieren fleantúchjes dy’t sels fleane, mobyltsjes dy’t oan hannen fêst plakke, krokodillen dy’t troch de skoalle denderje. Wat begjint as in spannend fersetsje, rint alderheislikst út ’e hân en dan docht bliken wat in stoere heldhaftige jonge dy stille Hindrik Bûter eins is. It kostet my gjin inkele muoite om te leauwen yn Hindrik Bûter. In ûnopfallende jonge yn in lyts doarp, dy’t net de bêste fan ’e klasse is en net al it guod hat, wat er ha wolle soe. Sokke jonges binne der ommers wol mear. En dêrtroch leau ik ek samar dat hy mei syn wûndertoeter al dy aventoeren belibbet. It boek is spannend en humoristysk tagelyk. It lêst hiel maklik, ek al brûkt de skriuwer sa no en dan moaie Fryske wurden, dy’t ik net alle dagen mear hear. Bern fan 10 jier ôf kinne har seker mei dit boek goed fermeitsje. Mar ik soe wat jongere bern der ek prima mei fertrouwe. En foar de foarlêzers sit der ek genôch yn om stikem mei te glimkjen by alle aventoeren. Want ja, eins soe elkenien wol sa’n wûndertoeter fine wolle, dochs?”

 

Author: Paul van Dijk Isbn: 9789074071161 Pages: 96 Sale label: 1 Language: Frysk Publisher: Tresoar Format: ynbûn Illustrator: Paul van Dijk Categorie , , , , , , , , , .