Categorieën

Geen producten in de winkelwagen.

De Traveliers: It goud fan de Aboriginals - Audioboek

Auck Peanstra

11,00

Details

Lústerboek

De Traveliers is in searje spannende en nijsgjirrige boeken foar bern fan 10 jier ôf. De famylje Travelier reizget de wrâld oer. Mei troch it wurk fan heit foar alderhanne projekten yn it bûtenlân, komme Hidde en Fardau op plakken dêr’t it aventoer om ‘e hoeke leit. Nei’t se in skoftke rûn hawwe, seit Hidde: ‘Wêr binne dy tekeningen no? Wy binne dochs echt fan dizze kant kommen.’ ‘Ja,’ seit Fardau, ‘wy hiene der al lang wêze moatten. Of wie it miskien in bytsje de oare kant út?’

De panyk slacht ta. ‘Wy sitte midden yn de woastyn. Wy ha gjin iten en drinken by ús. En dy sinne!’ Út it neat ferskynt ynienen in ploechje minsken. Brune minsken. Aboriginals, sjogge se daalk oan de gesichten. De mannen drage spearen as wapens…

Foarlêzen troch de skriuwer

2 cd’s