It is drok by pakketbesoargers mei de feestdagen yn oantocht. Bestel dêrom op tiid!
Categorieën

Geen producten in de winkelwagen.

De oarloch fan Durk van der Ploeg

7,50

Details

Tusken 1988 en 1995 ferskynden fan Durk van der Ploeg fjouwer romans, dy’t hysels de Dongeradielen-syklus neamde, De Jacht (1988), It wrede foarjier (1994), Reis nei de Kalkman (1995) en It lekken oer de spegel (1995).
Yn dizze fjouwer romans stiet de Twadde Wrâldoarloch sintraal en de ferwurking dêrfan. Op magistrale wize set Durk van der Ploeg in stik politike en sosjale skiednis del, dy’t foar in soad fan syn generaasjegenoaten noch altiten tige werkenber is. Mar hy stelt ek aktuele kwestjes oan de oarder. Bygelyks de fraach oft wy tegearre mei de Dútsers de Twadde Wrâldoarloch betinke kinne.

Mei De Jacht en It wrede foarjier begûn foar Durk van der Ploeg it sukses by it gruttere lêzerspublyk. Dizze titels waarden ferskate kearen werprinte. Reis nei de Kalkman en It lekken oar de spegel koene ek by de literêre krityk op in waarme ûntfangst rekkenje, mar binne al wer in tal jierren útferkocht. Genôch reden dus om dizze twa titels mei It wrede foarjier no yn ien bân út te bringen.

 

De Dongeradielen-syklus is foar Durk van der Ploeg it begjin fan in tige fruchtbere perioade yn syn skriuwerskip, dy’t oant hjoeddedei trochgiet.

Útjouwerij:  Friese Pers Boekerij bv, ljouwert  
ISBN13: 9789033009815

ISBN : Categorie: .