It is drok by pakketbesoargers mei de feestdagen yn oantocht. Bestel dêrom op tiid!
Categorieën

Geen producten in de winkelwagen.

De Ljip - Sake P. Roodbergen

Sake P. Roodbergen

19,95

Details

 

 

 

De Ljip – Sake P. Roodbergen

 

 

Monografy

 

 

De Ljip is noch altiten in ikoansoart foar ús hiele lân. Yn it foarjier spektakulêr fanwege syn opfallende natuerlike gedrach en fanwege de aaien, wêroer elk jier wol wat te dwaan is. Yn hjerst en mylde winter net te missen fanwege de kolossale groepen ynlânske mar benammen ek bûtenlânske ljippen .
De Ljip hat ek in wichtige rol spile hat yn ús nasjonale histoarje fan natoerbeskerming. In protte minsken fan it earste oere waarden natoerbeskermer omdat se oanstutsen waarden troch harren moeting mei de Ljip en de Skries.
Gjin inkelde oare fûgel hat sa’n sintrale rol spile yn in model fan greidefûgelbeskerming. In unike dûbelrol yn in unyk systeem. Oan de iene kant yn de rol fan slachtoffer, fan eksploitearre soart, fan wa’t de aaien socht en fandele waarden, mar oan de oare kant as de ûntfanger fan de beskerming. De Ljip, of presizer noch: it ljipaai, wie de spil yn dat gehiel.

 

Auteur Sake P. Roodbergen (1945) wie learaar Ingelsk en Biology. Ingelsk op basis fan in MÛ-akte, Biology fanwege syn bân mei de Fryske natoer, dy’t al yn syn jongesjierren yn en om Grou ûntstie. Prominint yn dy natoer wie de Ljip. It sykjen en finen fan de aaien fan dizze greidefûgel soe syn hiele libben lang in bepalend elemint foarmje. Om’t de skriuwer sterk belutsen wie by sawol de belibbing yn it fjild as by de organisaasje en útfiering fan de beskerming koe in ryk en boeiend boek ûntstean.

 

 

Utjouwerij Wijdemeer

 

ISBN: 9789492052452

 

Tal siden: 216, paperback, mei kleurkatern