Categorieën

Geen producten in de winkelwagen.

De ljedder

Koos Tiemersma

22,50

Details

De ljedder wie yn 2002 it ferrassende romandebút fan Tiemersma. Net it eigentlike ferhaal, mar it dekôr dêromhinne soarget derfoar dat dit boek boppe himsels útstiicht: hoe’t de jonge Jacob Nauta fan syn njoggende oant alfde jier de wrâld om him hinne waarnimt en belibbet.

Job Wassermann bedarret yn 1942 as Joadske ûnderdûker op de pleats fan de famylje Nauta, fuort ûnder Frjentsjer. Jacob, de alvejierrige haadpersoan fan De ljedder, jout him as er âld is rekkenskip fan wat der yn de oarloch op de pleats foarfallen is, en fan it skuldgefoel dêr’t er altyd mei omrûn hat. Stikje by bytsje wurdt it ferhaal fan Job útraffele, mar der bliuwe riedsels. Dêrtuskentroch spylje Jacob syn oantinkens oan syn jongesjierren op de pleats en syn yntrede yn de wrâld fan de folwoeksenen. It boek is opset as in fernimstige literêre konstruksje dy’t foarm jout oan it lêste earbetoan dat Jacob oan Job bringt. De ljedder wie yn 2002 it ferrassende romandebút fan Tiemersma. It boek waard bekroand mei de Rink van der Veldepriis fan de gemeente Smellingerlân.

Dizze fjirde printing is de werútjefte fan de earste printing út 2002.

 

Net it eigentlike ferhaal dus, mar it dekôr dêromhinne soarget derfoar dat dit boek boppe himsels útstiicht: hoe’t de jonge Jacob Nauta fan syn njoggende oant alfde jier de wrâld om him hinne waarnimt en belibbet. It binne dy passaazjes dy’t rinne as in trein en dy’t je ynnimme foar de minsken yn it boek, mei al har lekken en brekken.

Sjoerd Bottema yn de Moanne

 

ISBN: 9789089541932

Tal siden: 360

Utjouwerij: Elikser

Skriuwer: Koos Tiemersma