It is drok by pakketbesoargers mei de feestdagen yn oantocht. Bestel dêrom op tiid!

Geen producten in de winkelwagen.

Categorieën

Geen producten in de winkelwagen.

De Hoara's fan Hasting

Simke Kloosterman

18,50

Details

Dizze roman spilet op ‘e earme Fryske heide fan Hastings, dêr’t Twizel model foar stie, en beskriuwt de wjerfarrens fan de rike boerefamylje Hastings. Heit Wychman hat in tsjuster ferline mei in healbroer, soan Fokke kriget de faam net dêr’t er syn sin op set hie, en Hester, suster fan Wychman, kiest yn de striid tusken ryk en earm net foar de eigen kant. Dat allegear yn in sletten doarpsmienskip dêr’t foar it earst in arbeider yn de gemeenterie komt. As dekôr tekenet de skriuwster mei grutte rykdom oan wurden it doarp en de wylde natoer fan de heide. De earste printing fan De Hoara’s fan Hastings ferskynde yn 1921. ‘De Hoara’s’ wurdt beskôge as de earste grutte roman yn it Frysk. Dit boek is de werútjefte fan de sânde printing út 1992, mei in neiwurd fan Ph.H. Breuker.