It is drok by pakketbesoargers mei de feestdagen yn oantocht. Bestel dêrom op tiid!
Categorieën

Geen producten in de winkelwagen.

De besleine spegel

Fedde Schurer

19,50

Details

Yn dit boek fertelt Fedde Schurer op meinimmende wize oer syn eigen libben. Ferfrissele mei it persoanlike elemint jout it ek in stik sosjale en kulturele skiednis, dat de skriuwer fûl meibelibbe hat as dichter en skoalmaster, as sjoernalist en yn ‘e polityk. Twaris hat er it middelpunt fan gâns opskuor west: yn de ‘Lemster skoalkwestje’ fan 1930 en mei ‘Kneppelfreed’ yn 1951. Mar der is folle mear: syn ûnderskate redakteurskippen, de fersen en de psalmberimings, syn toanielstik Simson, syn protest tsjin it mandemint fan de bisskoppen yn 1954. De besleine spegel waard postúm publisearre yn 1969. Yn itselde jier kaam in Nederlânske oersetting út troch J.H. Brouwer. It is ek no noch in weardefol dokumint fan en oer ien fan de grutte figueren út de eigentiidske Fryske skiednis, oer wa’t yn 2010 in biografy ferskynde fan Johanneke Liemburg.

Dizze tredde printing is de werútjefte fan de twadde printing út 1998. It neiwurd is fan T. Steenmeijer-Wielenga.

ISBN : 99 Author : Fedde Schurer Categorie: , , .