Boer Boaris en de sniepop
Ted van Lieshout
€14,99
Details
Het is bijna Kerst en het heeft gesneeuwd. Boer Boaris, Bearend en Sam maken een sneeuwpop. Maar dan gaat het dooien…
Boer Boris is een populaire Nederlandse prentenboekenserie van Ted van Lieshout en Philip Hopman. Er zijn al verschillende delen verschenen en meerdere keren in de prijzen gevallen.
Yvonne: “De Boer Boaris-searje is net allinnich hiel leuk en grappich, mar ek learsum. Sa kinst telle en nije wurden leare. Mar der is mear! As boer Boaris yn Thialf is, hingje der allegearre flaggen op de achtergrûn. Dêrmei kinst ek de âldere bern derby belûke. Witte sy hokker flagge by hokker lân heart? Koartsein: Boer Boaris en de sniepop is wat my oanbelanget it perfekte boek foar yn de winterperioade. Op rym skreaun, mei humor en learsum. De perfekte kombinaasje foar in moai foarlêsboek.” Lês hjir Yvonne har folsleine resinsje.
Tryntsje: “Boaris mei yn syn aventoeren faak mei grut materiaal op ’en paad wêze, Suze is ek gek op alles wat ride of fleane kin. Ditkear rydt Boaris op in grutte kraan en sil er ek noch op reis mei de helikopter. Hoe grutter, hoe mâler en hoe mear bisten der mei kinne. Boer Boaris giet graach mei de hiele buorkerij op ’en paad, want de bisten hearre der fansels ek by. Efkes gjin sin om foar te lêzen? Gean dan op syk nei it fûgeltsje en it mûske, dy binne faak mei humor ferstoppe en te finen op elke bledside. Boer Boaris en de sniepop, grappich en leuk foar jong en âld!” Lês hjir de folsleine resinsje fan Tryntsje.