It is drok by pakketbesoargers mei de feestdagen yn oantocht. Bestel dêrom op tiid!
Categorieën

Geen producten in de winkelwagen.

Aurora Bossa Nova

Arjan Hut

15,00

Details

Aurora Bossa  Nova
dichtbondel fan Arjan Hut

Abdelkader Benali spriek yn de Martinitsjerke oer de poezy fan Brodsky en fan Tsjêbbe Hettinga en hy kaam ta de folgjende konklúzje: “Gedichten brengen een beetje licht. Meer hoeft poezie niet te doen.”

Yn de gedichten yn Aurora Bossa Nova wurdt net sasear socht om it ljocht, mar dochs wurdt it hjir en dêr fûn. Mar is it ljocht of is it skyn?

De lêzer wurdt in weach dy’t yn tûzen drippen te lider spat en in voyeur dy’t in widdo en har hûn besjocht fan achter in gerdyn of in bern dat wachtet op in simmer dy’t yn hotpants oer it trotwaar dûnset. En krekt as alles klear liket om te bliuwen sa’t it is, falt alles wer útelkoar. In soartemint fan titelgedicht is Aurora, oer twa minsken dy’t inoar fine op in bankje oan in kanaal. In lyts fers, mar dochs past it hiele universum der yn.

 Yn de fjirde bondel fan Arjan Hut binne de gedichten noch altyd dreamerich, is de taal boartlik, en wurde ideeën útwurke yn in ferskaat oan foarmen. De fersen binne binne tagonkliker as earder, mar net minder poetysk.

In lêzer beskreau it op Facebook as: ‘De nacht yngean om it ljocht te sjen.’

Hjirûnder noch inkele reaksjes op de bondel:

“Hjir krij ik it waarm fan!” (Sjoerd IJbema, oer it gedicht ‘Hotpants’)

“As je mar ien Frysk boek keapje dit jier, of oare jier. Lit it dan de bondel fan Arjan Hut wêze. Wat in pracht! Tige oan te rieden oan eltsenien mei in hertslach.” (Jacco de Boer)

“Wa’t him/harsels dit jier noch wat bysûnders kado dwaan wol, dy tip ik de nije dichtbondel fan Arjan Hut. Leit krekt yn ‘e winkel. Wûnderlik moaie bondel.It measte út dizze bondel is in lust om te lêzen.” (Syds Wiersma)


Frysk, paperback, 76 siden