It is drok by pakketbesoargers mei de feestdagen yn oantocht. Bestel dêrom op tiid!
Categorieën

Geen producten in de winkelwagen.

As nomaden yn tinten teplak - Als nomaden in tenten terecht

Sytse Jansma

17,50

Details

As nomaden yn tinten teplak – Als nomaden in tenten terecht, gedichten

Sytse Jansma (1980) is dichter, filmmakker en dosint. Yn 2008 debutearre hy mei de bondel ‘wa’t tate seit moat ek whisky sizze’. Yn ‘as nomaden yn tinten teplak – als nomaden in tenten terecht’ ferkent Jansma de grins tusken it libben sels en de poëzij. Yn dizze twatalige bondel moat it stjoerende karakter fan taal bleatlein wurde. It is poëzij dy’t oer grinzen gean wol en nije wrâlden moetsje. Gedichten dy’t as nomaden omswerve wolle.

Sytse Jansma (1980) is dichter, filmmaker en docent. In 2008 beduteerde hij met de bundel ‘wa’t tate seit moat ek whisky sizze’. In ‘as nomaden yn tinten teplak – als nomaden in tenten terecht’ verkent Jansma de grens tussen het leven en de poëzie. Het sturende karakter van taal wordt blootgelegd. Het is poëzie die over grenzen wil gaan en nieuwe werelden wil ontmoeten. Gedichten die als nomaden willen rondzwerven.

Yn de resinsje fan Eppie Dam yn de Leeuwarder Courant fan 25 septimber 2015 krige de bondel fiif stjerren:
‘by Jansma is de taal sels autonoom en ferwize wurden nei wurden: de lêzer moat deryn, nee, oan leauwe, him deroan oerjaan. Wa’t dy sprong yn ‘t tsjuster weaget – sa hat op syn minst ien lêzer ûnderfûn – krijt der skitterjende wûnders foar werom.
Fiif skiften telt de bondel, en se steane allegear as in hûs, slepe tagelyk mei as krinkeljende streamfersnellings. Der soe in resinsje fol te skriuwen wêze mei oars net as klinkende rigels en útdaagjende bylden. Wat te tinken fan : ‘sa’t it wetter troch it soal skaaft / as waffenballades fan wagner’. Sa’n dichter sit nergens om ferlegen, mar likegoed fersuchtet er: ‘o, seesicht / hoe kin ik dy fêstlizze yn de hurde kadasters fan taal’. Troch taal floeiber as muzyk te meitsjen, wat Jansma docht.
Sytse Jansma hat de poëzy ferrike mei in juwiel fan in bondel: Frysk as de hagel, Hollânsk as de sykte, kosmys as it hielal fan Gagarin. Mar hoe fierdragend ek en iepen, úteinlik bliuwt er by syn woartels, ticht by syn taal, en ticht by it folk dat er blykber goed ken: ‘foar de barabbassen fan fryslân /  draach ik dizze taal /  as fluch stik matse / as bleate batseba / as kristus de dichter’. Dompelje jim ûnder en sis amen. – ( Ut:: resinsje Eppie Dam, Leeuwarder Courant, 25 septimber 2015)

ISBN : Author : Sytse Jansma Categorie: , .