It is drok by pakketbesoargers mei de feestdagen yn oantocht. Bestel dêrom op tiid!
Categorieën

Geen producten in de winkelwagen.

Privacy policy

De Afûk respektearret de privacy fan alle brûkers fan syn site en soarget derfoar dat de persoanlike ynformaasje dy’t wy fan jo krije fertroulik behannele wurdt. Wy brûke jo gegevens om de bestellings sa flot en maklik mooglik ferrinne te litten. Foar it oare sille wy de gegevens inkeld en allinnich brûke mei jo tastimming. De Afûk sil jo persoanlike gegevens net oan tredden ferkeapje en inkeld en allinnich oan tredden jaan dy’t te krijen hawwe mei it útfieren fan jo bestelling.

De Afûk brûkt de gegevens dy’t sammele binne om syn klanten de neikommende tsjinsten oan te bieden:

As jo in bestelling dogge, hawwe wy jo namme, e-mailadres, ôfleveradres en betelgegevens nedich om jo bestelling út te fieren en jo fan it ferrin dêrfan op ’e hichte te bringen.

Om it winkeljen by de Afûk sa noflik mooglik wêze te litten, slaan wy mei jo tastimming jo persoanlike gegevens en de gegevens yn ferbân mei jo bestelling en it gebrûk fan ús tsjinsten op. Sa kinne wy de website personalisearje en jo titels oanrikkemedearje dy’t jo faaks nijsgjirrich fine.

Mei jo tastimming brûke wy jo gegevens om jo te ynformearjen oer de ûntwikkeling fan de website en oer spesjale oanbiedings en aksjes. As jo dat net mear wolle, kinne jo ús dat witte litte troch in e-mail te stjoeren nei ynfo@afuk.nl.

As jo by de Afûk in account oanmeitsje, bewarje wy jo gegevens op in Secure Server. Yn jo Afûk-account slaan wy ynformaasje op sa as jo namme en adres, telefoannûmer, e-mailadres en ôflever- en betelgegevens, sadat jo dy net by elke nije bestelling wer ynfolje hoege.

Gegevens oer it gebrûk fan ús site en de feedback dy’t wy krije fan ús besikers helpe ús om ús site fierder te ûntwikkeljen en te ferbetterjen.

As jo beslute om in resinsje te skriuwen, kinne jo sels kieze oft jo jo namme of oare persoanlike gegevens tafoegje. Wy binne benijd nei de mienings fan ús besikers, mar hâlde ús it rjocht foar om bydragen dy’t net oan ús sitebetingsten foldogge net te publisearjen.

As jo reagearje op in aksje of priisfraach, freegje wy jo om jo namme, adres en e-mailadres. Dy gegevens brûke wy om de aksje út te fieren, de priiswinner(s) bekend te meitsjen en de reaksjes op ús marketingaksjes te mjitten.

De Afûk sil jo persoanlike gegevens net oan tredden ferkeapje en se inkeld en allinnich oan tredden jaan dy’t dwaande binne mei jo bestelling. Us wurknimmers en troch ús ynskeakele tredden binne ferplichte om de fertroulikheid fan jo gegevens te respektearjen.

Wy wurdearje it fertrouwen dat jo yn ús hawwe en sille dêrom o sa soarchfâldich mei jo gegevens omgean. As jo in bestelling dogge of jo Afûk-account rieplachtsje, wurdt gebrûk makke fan ien fan de modernste techniken. Jo gegevens sille altyd beskerme en fertroulik behannele wurde.