Op myn stjerbêd wol ik tate ha
Anne Feddema
€15,00
Details
“Nei’t ik de earste ferzy gearstald hie, waard it my dúdlik dat der wat oan de bondel mankearde. Der moast, binnen de skiften, in strangere opbou komme. Doe haw ik noch in soad nije fersen skreaun. In strange opbou is foar my wichtich, oars komme der miskien gau te folle light verses yn. Je moatte altiten by de les bliuwe.”
“De bondel rint aardich op mei myn skilderwurk, dat spilet him ek om it hûs ôf. Krekter sein, yn ‘e tún. Hoewolt de bondel tematysk net in soad ôfwykt fan myn eardere dichtwurk, binne mankelikens, it âlder wurden, it yn it ferfal reitsjen, iensumens en de dea wichtiger. Aldergeloks wol mei de nedige relativearjende humor.”