Vanwege de feestdagen en drukte bij de post kan het verzenden van bestellingen wat langer duren!
Categorieën

Geen producten in de winkelwagen.

Nieuw

Spegelrinner (ferskynt 23 jannewaris)

Paul van Dijk

17,50

Details

Spegelrinner giet oer dreambylden, binnenlûden, de simmer en de see, it no, de takomst en it ferline. It lyrysk ik is geduldich en wachtet – op in moeting. Spegelrinner is in konfrontaasje mei it eigen ferline, in syktocht yn ’e spegel, nei himsels.

Paul van Dijk (1981) wennet yn Warkum en is dichter, skriuwer en yllustrator. Syn wurk lit in grut ferskaat sjen. Sa makke er ferhalen, yllustraasjes en ferskes foar bern en skriuwt er gedichten foar folwoeksenen. Syn gedichten binne mearke-eftich en ryk oan bylden.
Foar syn debútbondel ‘Famke fan snie’ krige hy yn 2022 de Douwe Tammingapriis. ‘Spegelrinner’ is syn twadde dichtbondel.

Isbn: 978-94-93318-73-1 Author: Paul van Dijk Pages: 60 Language: Frysk Publisher: Afûk Categorie .