Categorieën

Geen producten in de winkelwagen.

Nieuw

Oan ’e ein fan De Oere (ferskynt 8 novimber 2025)

Anne-Goaitske Breteler

Details

‘Oan ’e ein fan De Oere’ fertelt it oangripende ferhaal fan de fjouwer bern fan de famylje Zwart. It grutste part fan harren libben wennen de net-troude broers Pieter, Jan, Dirk en harren suster Wytske mei-inoar op it âlderlik stee: in pleats yn Moddergat. It troch Breteler optekene famyljeferhaal bringt de lêzer ticht by in bysûnder gesin dat nettsjinsteande grutte feroaringen trou bleau oan it leauwen, oan elkoar en oan it âlde hiem. ‘Oan ’e ein fan De Oere’ jout in unyk ynsjoch yn in wrâld dy’t net wer weromkomt. It is in portret fan ferlies en fassinaasje – mar ek fan de fraach: wat betsjut it as in famylje, en harren erfgoed, ynhelle wurdt troch de tiid en driget wei te wurden?

Anne-Goaitske Breteler (Dokkum, 1996) groeide op oan ’e foet fan ’e seedyk yn Fryslân. Nei de stúdzjes kulturele antropology en publyksskiednis yn Amsterdam ferhuze se werom nei har bertegrûn. Yn 2018 ferskynde har non-fiksjedebút ‘De traanjagers’, yn 2020 har Fryske berneboek ‘In nuvere nacht’, en yn 2024 har non-fiksjewurk ‘De laatste dagen van de dorpsgek’. Se skriuwt columns en redaksjonele bydragen, jout lêzingen en makket tentoanstellingen en podcasts.

It Kadoboek fan 2025 wurdt útjûn yn gearwurking mei útjouwerij Afûk. De skriuwer docht yn de Fryske Boekewike ferskate bibleteken en poadia oan mei in optreden oangeande it Kadoboek. Sjoch op www.fryskeboekewike.frl foar datums en lokaasjes.

De Fryske Boekewike wurdt holden fan 8 o/m 16 novimber. It Kadoboek is yn de Fryske Boekewike fergees te krijen by oanskaf fan op syn minst € 15,- oan (Fryske) boeken yn de boekhannel en hjir online.

Author: Anne-Goaitske Breteler Isbn: 9789493318663 New label: 1 Pages: 111 Language: Frysk Publisher: Afûk Format: paperback Categorie , , , .