Leafdedea
Homme Eernstma
€15,50
Details
Wibe Baron van Holdinga, fan heitekant út in Frysk adellik laach en fan memmekant út in bankiersfamylje, wurdt nei de Frânsk-Dútske oarloch fan 1870-71 smoar ende smoarryk. Hy keapet op ‘e Beurs mei opsetsin oars net as oandielen dy’t noait rendearje kinne. ‘Goud meitsje út neat’ is syn sechje. Foar Wibe syn spoek-ekonomy oer stiet yn Leafdedea de tún fan Holdingastate, in wrâld dêr’t Wibe gjin inkelde modernisearring tastiet, ‘want de tún, dat wie syn libben.’ Yn dat ierdske paradys woeks syn leafde foar Eabeltje op troch harren hertstochtlik leafdesspul. Dy leafde hoedet en besielet syn libben oan de dea ta.