Categorieën

Geen producten in de winkelwagen.

De jonge Piter Jelles

Bertus Mulder

15,00

Details

De jonge Piter Jelles
Piter Jelles Troelstra (1860-1930)
auteur: Bertus Mulder

Piter Jelles Troelstra is foaral bekend as de lieder fan de SDAP, de Sociaal-Democratische Arbeiderspartij. Hy wie ek Frysk dichter en strider foar it Frysk. Dichter, lieteskriuwer, foardrager, toanielspiler, Piter Jelles wie it allegear. Hy brocht mei in dicht- en lietebondel nij Frysk wurk. Hy wie redakteur fan in eigen tiidskrift, For Hûs en Hiem. Hy keas foar in Frysk houlik.

Piter Jelles Troelstra wie liberaal fan hûs út. Yn dit boek wurdt oanjûn hoe’t er him losmakke fan it liberalisme fan syn tiid. Hoe’t syn fyzje op it Frysk feroare doe’t er him op de arbeiderssaak rjochte. Hy naam ôfskie fan de ‘Fryske sin’ sa’t de liberalen dy omearmen. Foar him wie de striid foar it Frysk in politike oangelegenheid. En de striid fan de sosjaal-demokrasy in striid om realisaasje fan demokrasy en foar kwaliteit fan de arbeid. Yn syn polityk testament (1924) omskriuwt er dat sa: De eigenlijke strijd […] is de strijd over de vraag: zal de Staat het grootkapitaal beheersen, of zal het grootkapitaal de Staat beheersen?

Bertus Mulder (It Hearrenfean, 1949) stdudearre arbeidssosjology, wie dosint sosjale skiednis en promovearre yn 1991 oan de Ryksuniversiteit Groningen by Lolle Nauta op it proefskrift Andries Sternheim, een Nederlandse vakbondsman in de Frankfurter Schule.

Frysk, ynbûn, mei foto’s, 120 siden, útjouwerij Bornmeer

ISBN : Author : Bertus Mulder Categorie: , , .