Categorieën

Geen producten in de winkelwagen.

Kompleten - e-book

Marga Claus

6,99

Details

Kompleten e-book

In roman fan Marga Claus oer wûnderbaarlike genêzingen yn in fier lân en in net minder wûnderbaarlike sykte en dea ticht by hûs.

Healwei de tweintichste ieu is der yn in Braziliaanske melaatskenkoloanje sprake fan wûnderlike Mariaferskiningen, mei dêrby fleskes miswyn dy’t spontaan oerrinne, en slim sike minsken dy’t ynienen genêzen binne. De nuchtere Boalserter pater Rogatus Hoogma besiket dat mystearje te befetsjen, mar Rome wol der gjin praat fan hawwe.

Anno 2010 lûkt in Fryske skriuwster har acht dagen werom yn in benedictinerkleaster om de histoaryske brieven oer dy melaatsken te lêzen. Se wit net dat dy brieven oer sykte en genêzing én har ferbliuw yn it kleaster benammen wat oer har eigen takomst fertelle.

In roman oer wûnderbaarlike genêzingen yn in fier lân en in net minder wûnderbaarlike sykte en dea ticht by hûs. Besjoch hjir de fideotrailer fan Kompleten.

Fan Marga Claus (Ljouwert, 1955) ferskynden sûnt 2000 fjouwer (dokumintêre) romans. Twa titels kamen út yn in Nederlânske oersetting, by útjouwerij Van Gennep yn Amsterdam.

 

Kompleten, Marga Claus, Utjouwerij Afûk, nominearre foar de Gysbert Japicx-priis 2015

 

 

Author : Marga Claus Categorie: , .