Geen producten in de winkelwagen.

Categorieën

Geen producten in de winkelwagen.

Mearkes fan Grimm

A.T. Popkema

29,50

Details

Mearkes fan Grimm

In klassiker dy’t jong en âld al twa ieuwen lang oansprekt is no yn it Frysk foarhannen. De mearkes fan de bruorren Grimm hearre ta de moaiste en bekendste ferhalen fan de wrâld. Foar it earst is der sa’n grutte samling fan har mearkes oerset yn it Frysk: fyftich ferhalen.

No kinne bern en folwoeksenen mar (foar)lêze fan Sniewytsje, Readkapke of Toarnroaske. Dêrby falt der foar jong en âld gâns te ûntdekken yn de prachtige, artistike yllustraasjes dy’t nij makke binne foar dit Fryske mearkeboek. De oersettings binne fan Anne Tjerk Popkema, dy’t yn 2012 de Obe Postmapriis foar Fryske oersettings wûn. De yllustraasjes by de ferhalen binne fan Peter Boersma & Hilda Groenesteyn.

It stevich útfierde (foar)lêsboek befettet in seleksje fan fyftich oarspronklike mearkes fan Grimm. It is in brede samling fan bekende mearkes mei ûnder oaren De wolf en de sân geitjes, De jeneverbeam, Broerke en suske en Frou Holle.

De measten binne earder yn oare Fryske bondels opnaam, mar in tal ek net. Twa mearkes binne net geskikt foar bern en dat is oanjûn mei in spinreach-symboal. Ien ferhaal is twa kear opnaam, yn it ‘gewoane’ Frysk en yn it Frysk fan Hylpen. De bondel is prachtich fersoarge útjûn mei sfearfolle mearke-eftige kollaazjes dêr’t de oarspronklike teksten letterlik trochhinne skimerje. Yn it boek, mei lêslint, stiet de tekst yn fjouwer kolommen. In moaie bondel foar in breed publyk: folwoeksenen en bern, leafhawwers fan mearkes en fan de Fryske taal, dosinten ensfh. It boek kin foarlêzen wurde fan likernôch 8 jier ôf.

Frysk, ynbûn, 222 siden, mei lêslint

Author : A.T. Popkema Leeftyd : 12-15 jier, 15+ jier Domein : Lêzen Underwiissoart : fuortset ûnderwiis Categorie: , .