Geen producten in de winkelwagen.

Categorieën

Geen producten in de winkelwagen.

Aanbieding!
Aanbieding

It heechste wurd

Ferskate skriuwers

Oorspronkelijke prijs was: €24,50.Huidige prijs is: €15,00.

Details

It heechste wurd

Friese kinderbijbel

Yn It heechste wurd litte sân auteurs yn goed hûndert ferhalen en gedichten de Bibel oan it wurd. Alle sân kieze, ynspirearre troch de bibeltekst, dêrby har eigen orizjinele ynfalshoeke.De kleurrike yllustraasjes fan Guida Joseph jouwe de ferskate ûnderdielen fan dit boek in hiel eigen gesicht.It heechste wurd is bedoeld foar bern fan 9 jier ôf.

Dy nije oersetting It heechste wurd betsjut in boppeslach foar de boekeklub, mar likegoed foar de Fryske bern. Alderearst hat dat te krijen mei de uterlike fersoarging fan it bûne boek, kompleet mei in lêslintsje. De yllustraasjes yn kleur fan Guida Joseph, yn in mingde technyk fan kryt en pinne, meitsje fan it boek in oantreklike útjefte, mei sa út en troch in humoristysk trekje, bygelyks Sacheüs dy’t him mei in bang gesicht oan de beam fêsthâldt. Soms stiet in printsje krekt even op de skreef fan wat noch kin, lykas dat fan in lyts jonkje dat bang boppe it wetter fan de Egyptyske Nyl sweeft. Dêr steane lykwols hiel wat aardige bylden foar oer. Sa sit Ester mei har kening op bêd oan de moarnsbrogge. Of kuieret in hûntsje moai achter Jezus oan en springt it fleurich om as Joazef mei de lytse Jezus op de skouders boartet. Moai dat de teksten yn de yllustraasjes ek ferfryske binne.

Jant van der Weg, Friesch Dagblad

Author : Ferskate skriuwers Leeftyd : 8-12 jier Domein : Lêzen Underwiissoart : primêr ûnderwiis Categorie: , .